Gewest Fryslân fan 5 septimber 2013

Gewest Fryslân lit reportaazjes sjen fan it programma Van Gewest tot Gewest, op it nasjonale net, fan 1965 oant 2004. Eelke Lok praat mei Johan van der Zee, dy't de measte Fryske reportaazjes makke hat.

Dizze wike twa kear Jopie Huisman. We begjinne mei in reportaazje ut 1968, doe't de Fryske skilder lanlik noch net sa bekend wie. In âld-izer-keapman dy't moai skilderje koe. Huisman fertelt hoe't Eusie, de Makkumer lapkekeapman, funksionearre en hoe't hy dy skildere hat. Dat wie Jopie's televyzjedebút. Yn 1990 sit Huisman wer yn in reportaazje fan Van Gewest tot Gewest. Museum Willem van Haren hie doe in útstalling oer Abe Lenstra en Jopie skildere de skuon fan Abe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)