Gewest Fryslân fan 4 novimber 2012

Dizze wike yn Gewest Fryslân:
Yn maart 1970 ferskynde yn Fryslân de Schotanus atlas. In wûnderke oan printwurk, fantastysk dy kaarten fan partsjes fan Fryslân fan in tal ieuwen tebek. Op 2 april 1970 stjoerde van Gewest tot Gewest in moaie reportaazje út, dy't we no yn Gewest Fryslân wer ris sjen litte. Johan van der Zee dy't dy reportaazje makke fertelt der ek oer, en de âlde Schotanus atlas dy't hy doe ek krige leit noch op tafel.
Fierder yn dizze útstjoering bylden fan noch earder, want yn 1965 wie der fansels al in Snitswike, de woansdeis fan dat jier wie al de 150ste hurdsyldei. No dat fierden de Snitsers yngreven. De keninginne kaam der fan 'e wike, mar doe yn '65 kaam de kening....

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)