Gewest Fryslân fan 4 july 2013

Gewest Fryslân lit reportaazjes sjen fan it programma Van Gewest tot Gewest, op it nasjonale net, fan 1965 oant 2004. Eelke Lok praat mei Johan van der Zee, dy't de measte Fryske reportaazjes makke hat.

Yn dizze ôflevering fan Gewest Fryslân twa bysûndere reportaazjes. Alderearst de alderearste útstjoering fan Van Gewest Tot Gewest op 7 jannewaris 1965. En fansels siet dêr in Fryske reportaazje yn. En fansels gie dy ek oer histoarje: de provinsjale bibliotheek, it plak foar de sneupers. Al wie der ek wat nijs te sjen, de makette fan de doe noch te bouwen hjoeddeiske lokaasje. Tagelyk yn dizze ôflevering fan Gewest Fryslân, de earste kleurereportaazje dy't Johan van der Zee meitsje mocht yn 1968. No dêr makke hy in moai toanielstikje fan, op Yde Schakels Aldfaers Erf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)