Gewest Fryslân fan 4 april 2013

Unwissens yn ‘73 oer de skoalle fan Nes

Tsjintwurdich fusearje de kristlike en iepenbiere skoallen om bestean bliuwe te kinnen. Yn de santiger jierren wie dat oars. De iepenbiere skoalle yn Nes hie yn 1973 noch acht bern, en wie ûnderwerp fan diskusje. Underwizer Jaap van Kammen tinkt dat de skoalle bliuwt en ek de memmen sette de hakken yn 'e grûn yn dizze reportaazje fan ‘Van Gewest tot Gewest’.

It programma seach ek yn de Alde Feanen mei Tsjêbbe de Jong om ris te sjen nei de reeën yn it Fryske Gea gebiet. Skitterjende opnamen út 1984, mei de wize wurden fan ûnder oaren Geameiwurker Ultsje Hosper, dy't letter direkteur fan It Gea wurde soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)