Gewest Fryslân fan 3 maaie 2014 17:00

Yn it programma Gewest Fryslân dizze sneon omtinken foar Reid.

Reid de Jong, mar hy wol inkeld Reid hjitte. It is de man dy't destiids de Strontrace en de Fiskerijdagen yn Warkum ta libben roppen hat. Mar der sieten folle mear kanten oan dizze man, dy't yn de âlde fjoertoer fan Warkum wennet, en eins hielendal foar him sels soarge hat. Dizze reportaazje is fan 1998. Jo sjogge net inkeld de mooglikheden dy't de minsken hawwe om folle mear foar harsels te betsjutten, mar jo sjogge ek reportaazjes fan eardere Strontraces dy’t Johan van der Zee earder makke hat foar Van Gewest tot Gewest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)