Gewest Fryslân fan 29 oktober 2016 17:00

‘Drukte om rust’. Dat wie de titel fan de reportaazje yn Van Gewest tot Gewest yn 1992. It gie oer it Waad. Der moat romte wêze foar de seehûntsjes, mar ek de Waadfarders fregen om romte en dan moasten de seehûnen miskien wol opskowe. De wenstige diskusje: moai lânskip, de ien wol it sa hâlde, de oar wol der ek nei sjen kinne en der wille oan belibje. Yn 1984 kaam skilder Ton Verhey op it gemeentehûs fan Wolvega en Van Gewest tot Gewest makke in moai filmke doe’t hy in skilderij oanbea oan boargemaster Schurer. Earder hiene se it net iens west, doe’t se in portret fan keninginne Beatrix fan Vehey dêr net ha woenen. De reportaazje gie ek oer hoe’t de oerheid eins omgean moat mei keunstners. De BKR regeling ûntstie, dy is no al wer fuort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)