Gewest Fryslân fan 28 maart 2013

Yn Gewest Fryslân in Japanner dy’t Frysk leart

Yn 1989 learde in Japanner de Fryske taal. Yn ‘Van Gewest tot Gewest’ liet Johan van der Zee sjen wat dy man, Kodami, dêr allegear foar dwaan moast en hoe't er it hjir fûn. Sy lieten him ek nei in iepenloftspul gean. Al mei al in ferrassende reportaazje oer twa kultueren.

Yn deselde ôflevering fan Gewest Fryslân omtinken foar Piter Sjoerdz Gerbrandy, minister-presidint fan Nederlân yn oarlochstiid. Der waard yn 1974 in byld fan him makke dat letter, yn 1976, yn Snits kaam te stean. ‘Van Gewest tot Gewest’ makke in reportaazje oer hoe't dat byld makke waard troch de Loaiïngeaster keunstneresse Maria van Everdingen. In byld fan in persoan sa as de keunstner him of har dy persoan foarstelt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)