Gewest Fryslân fan 28 febrewaris 2013

  • Sunneklaas Kollum

Begjin 1990 bestie it lanlik programma ‘Van Gewest tot Gewest’ 25 jier. En dêrom giene sy as hommaazje nei oare ynstellings ta dy't doe ek 25 jier bestiene. Sa ek ‘t Kleine Krantsje, it Ljouwerter bledsje fan sjoernalist Fenno Schoustra. It blêd brocht ferhalen en foto’s fan âld-Ljouwert en harren bewenners. Yn de reportaazje sjogge wy it ta stân kommen fan sa'n blêd.

Gewest Fryslân sjocht ek noch efkes yn 1967 op It Amelân. Dêr waard Sinteklaas fierd, mar ek Sunneklaas. En hoewol’t soks tagelyk koe, wie it wol hiel wat oars... Sunneklaas is in geheimsinnich feest wêrby’t mannen mei in masker foar de strjitte op geane, op hoarnen blaze en mei stokken op 'e grûn slaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)