Gewest Fryslân fan 27 juny 2013

Gewest Fryslân lit reportaazjes sjen fan it programma Van Gewest tot Gewest, op it nasjonale net, fan 1965 oant 2004. Eelke Lok praat mei Johan van der Zee, dy't de measte Fryske reportaazjes makke hat.

Yn dizze ôflevering fan Gewest Fryslân in reportaazje út 1974 oer it eilantsje de Bird by Grou, oan de oare kant fan it Prinses Margrietkanaal. Doe wennen dêr noch alve boeren. Yn totaal sa'n 100 minsken wiene oanwiisd op de pont oer it kanaal. Mar dat koste nochal wat en dêrom waarden de oeren fan de pontwachters ynkrompen. Elkenien siet mei de sitewaasje yn de mage. Fierder in reportaazje út 1970 oer cartoontekener Cor Hoekstra. Hy wenne yn Aldskoat en neamde himsels Dork. Hy tekene ûnder oaren foar de Koerier mar wie wrâldferneamd. Eins binne cartoons gjin televyzje, mar hy hie in útstalling en dat wie de muoite wurdich.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)