Gewest Fryslân fan 27 febrewaris 2016 17:00

De Alvestêdekuiertocht sit altyd yn de Himelfeartswike, mar by ús no 5 maart yn Gewest Fryslân. It is ien fan de reportaazjes dy’t Van Gewest tot Gewest eartiids útstjoerde, en it is fierstente aardich om te sjen hoe ‘kneukelich’ oft it doe allegear noch gie, gewoan in aardichheidsje.

Tsjintwurdich in goede organisaasje, foar in grut evenemint. De reportaazje komt út 1983. Acht jier letter sylden wer preammen op de Fryske wetters. Van Gewest tot Gewest stapte oan board by Ids Willemsma, en gie mei de famylje te silen en te teedrinken yn it lân. Sile yn it pak, frjemd gesicht.

Te sjen om 17.00 oere hjir nei alle oeren nei Hjoed

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)