Gewest Fryslân fan 25 novimber 2012

Ha de doarpen tsjintwurdich mei krimp te krijen, doe wie 't poat oan spyljen om yn de ynfrastruktuer mei te dwaan. De winner yn 1969 wie Ousterhaule dat in tunnel krige ûnder de A6 dy't doe noch oanlein wurde moast. Dus in tunnel ûnder in noch te meitsjen dyk. Feest! Van Gewest tot Gewest wie derby. Lykas by it iepenjen fan in brêge yn Abbegea efkes earder dat jier, de ûntsluting yn byld. En fierder sjogge we efkes yn 1984 doe't Johan van der Zee, dy' t dêr ek oer fertelt yn Gewest Fryslân, in opname makke fan in moaie dei fan de manlju en froulju fan de soleksklup 'Samen onderweg' fan Sint Nyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)