Gewest Fryslân fan 24 septimber 2016 17:00

Kapper Nanning Bulthuis wie eins mear in siler. Hy kaam yn de tritiger jierren mei it ûntwerp fan de seis meter, dy hat de Burgumer kapper útfûn. De seismeter waard úteinlik de 16m2 en Van Gewest tot Gewest makke yn 1981 in reportaazje oer it 50-jierrich bestean fan dizze wedstriid- en toersylboat. Mei moaie bylden fansels, mar ek in each op it ferline mei de bern fan Bulthuis.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)