Gewest Fryslân fan 24 jannewaris 2015 17:00

Yn april 1969 waard yn Wâldsein in nij restaurant iepene. Restaurantsje eins. It siet yn in âld skûltsjerkje fan de menisten. 't Ponkje setten de nije eigeners boppe de doar. Yn in echte koets kaam de boargemaster fan Wymbritseradiel doe, Van 't Hout, om de saak te iepenjen. Eins in commercial, doe in reportaazje yn Van Gewest tot Gewest. We sjogge jûn ek yn de doarpen Nijlân en Easterein yn 1975. In reportaazje fan doe oer de folksfeesten, om’t dy plakken safolle jier bestienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)