Gewest Fryslân fan 24 jannewaris 2013

Dizze wike yn Gewest Fryslân û.o. in portret fan in ferneamde skilder.

Ien fan Fryslâns ferneamdste skilders is Gerrit Benner. Faak is besocht om foar it programma Van Gewest tot Gewest in portret fan him te meitsjen. Dat slagge pas nei syn dea, dus net méi him. Mar wol oer him.
De keunstkenners Peter Karstkarel, Thom Mercuur en Siep van de Berg hiene yn 1989 moaie teksten, de skilderijen fan Benner sprekke foar himsels.
Fierders yn dizze ôflevering fan Gewest Fryslân sjogge jo in reportaazje út 1991. Doe koe der net tróch de Waadsee rûn wurde, mar óp de Waadsee, op it iis!

Gewest Fryslân, om 17:00 oere en dêrnei fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)