Gewest Fryslân fan 22 oktober 2016 17:00

In reportaazje út 1988: doe seach Van Gewest by de lêsklup fan Aldebiltsyl. Soks bestie noch, as oerbliuwsel fan de yndertiid âlde resitearklups. Ek de mannen yn Aldebiltsyl hiene allegear eigen tradysjes, lykas dat froulju net meidwaan mochten. En in moaie namme, Ledige Uren Nuttig Besteed.

Hoe komme je no fan de mummys fan Wiuwert by de keatser Hotze Schuil? Yn 1990 barde dat yn in reportaazje foar Van Gewest tot Gewest. Der wie nammentlik in stripboekje makke oer Fryske tradysjes en dêr kaam dat ta yn utering en Van Gewest tot Gewest makke der itselde fan. Sa ûntstie eins in moaie dokumintêre oer Hotze Schuil.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)