Gewest Fryslân fan 20 septimber 2014 17:00

Yn 1969 waard de Lauwerssee ôfsluten fan it Waad. Yn 1973 seach it programma Van Gewest tot Gewest ris hoe't it gie mei de ynrjochting fan de Lauwersmar, oan de hân fan de útstalling dy't doe hâlden waard: ExpoLauwerszee. Yn Gewest Fryslân litte we dy reportaazje, dêr't nochal wat ferskil tusken lânbou en natoerlju yn sit, nochris sjen.

Yn Gewest Fryslân fierder in lytse reportaazje oer in swierrichheid fan it Fryslân fan dy jierren doe't de wetterrekreaasje opkaam, de brêgen. Gunnum z'n brug wie doe it wurd dêr't de provinsje Fryslân mei oan joech dat wy elkoar wat romte jaan moasten by dy brêgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)