Gewest Fryslân fan 20 maaie 2015 17:20

(Werh. fan 16 maaie 2015) Ferneamd yn Fryslân is de Hogerhuissaak. Trije leden fan de famylje Hogerhuis fan Britsum waarden, ûnrjochtlik sa bliek letter, oppakt foar in moard. Yngreven emosjonele rjochtsaak, Troelstra as abbekaat. It wie ek hast sosjale striid. Likegoed ha de mannen sitten. Der is in film oer makke, dat barde yn 1985. Van Gewest tot Gewest stjoerde de “making off”, fan de film fan Pieter Verhoeff út yn datselde jier.

Fierder yn Gewest Fryslân noch in Van Gewest reportaazje út 1969. Krimp yn it doarp Boazum doe, al neamde noch net ien it sa. It hat neat jûn, alles wat der doe wie, is ferlern gien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)