Gewest Fryslân fan 2 april 2016 17:00

Yn 1968 waard de bakkerij en hoarekafakskoalle yn Ljouwert iepene. Redakteur Oskamp fine we dus wer werom oan in taffeltsje yn de kantine mei direkteur Bonnema, wylst se betsjinne wurde mei in miel iten. We sjogge ek hoe’t dat iten klear makke wurdt. Wurk wie ek it biedwurd fan de reportaazje yn 1994, doe’t Johan van der Zee handikapten folge dy’t dochs oan it wurk koene. Bygelyks by in autogaraazje op It Hearrenfean, yn it lânskipsûnderhâld en by it bouwen fan kano’s yn Drachten.

Gewest Fryslân: sneons om 17.00 oere. Dêrnei fan 18.15 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)