Gewest Fryslân fan 19 maart 2016 17:00

We geane wer werom nei 1991. Wat doe in biedwurd wie: miljeu-edukaasje. Dat wol sizze bern en ek âlden opliede om je oan te passen oan de nije tiid wêryn’t je tinke moatte oer hoe’t je mei it miljeu omgeane. Prachtige reportaazje hoe’t de bern fan doe in tige entûsjaste oplieding krigen.

Fierder in reportaazje út 1996, mar dy hie no ek makke wurde kinnen. Ljipaaisykje, de diskusje dêroer. No wer bot oan de gong, doe ek al. Al wiene se wat hoedener tsjin elkoar. Kinne je hjoed-de-dei goed sjen wêr’t de diskusje fan doe ta laat hat.

Gewest Fryslân: sneons om 17.00 oere. Dêrnei fan 18.15 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)