Gewest Fryslân fan 18 novimber 2012

Ek eartiids al gie de redaksje fan it programma van Gewest tot Gewest soms nei âlde en nuveraardige minsken. Johan van der Zee kaam yn 1969 by âlde frou Pruiksma yn Drylts. Berne yn 1861, se wie doe de âldste fan Nederlân mei har 108 jier.
Ek gie Van der Zee in jier earder al nei it eilântsje de Burd by Grou, want dêr wenne in nuveraardich mantsje Freerk Siekmans. No ja wenne, hy húsmanne yn in âld arkje mei fjouwer katten dy't neamd wiene nei de Oranjeprinsessen. In Showroom-eftige reportaazje seit Van der Zee no.
Ek út 1969 komt in reportaazje oer Hans Henricus Schotanus á Steringa Idzerda , de soan fan doker Idzerda fan Weidum, dy't útfiner waard en letter de radio yn Nederlân útfine soe. Hy wie yn 1944 al ferstoarn, dus prate oare minsken oer dizze bysûndere man, dy't fleantúchjes makke yn Mantgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)