Gewest Fryslân fan 18 juny 2016 17:00

Yn 1977 waard it Fries Jeugd Orkest oprjochte, it Frysk Junior Orkest eins. Yn 1979 wie der al in reportaazje fan te sjen yn it nasjonale programma Van Gewest tot Gewest. Dy litte we dus sjen yn Gewest Fryslân, wêryn’t Johan van der Zee fertelt wêrom’t se yndertiid omtinken joegen oan datsoarte saken. Fierder in reportaazje út 1989, doe’t Eastermar ynienen it bêst ferboude doarp fan Nederlân wie en in nasjonale priis krige. Dy priis sjogge we ferskinen yn dy reportaazje, mar benammen it ferhaal efter dy op- en ferbou fan Eastermar komt oan de oarder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)