Gewest Fryslân fan 18 july 2013

It is 1973 en de Hearesylbrêge tusken Terherne en Goaiïngaryp is klear. De gemeente Utingeraderiel wol der in motel delsette, mar dêr binne fansels ek minsken op tsjin. En dy tsjinstanners hiene alle belang by Van Gewest tot Gewest om yn de publisiteit te kommen. Johan van der Zee fertelt yn dizze útstjoering dat it motel yndied net boud waard. In foarbyld fan publyksbeynfloeding. Mar der wie ek publyksfoarljochting. Bygelyks de reportaazje fan oktober 1976 oer de foargonger fan it Ljouwerter sikehûs MCL, te witten Triotel. Dokter Bonnema fertelt wat der allegear foar nije dingen binne yn Triotel, yn 1976.

Gewest Fryslân lit reportaazjes sjen fan it programma Van Gewest tot Gewest, op it nasjonale net, fan 1965 oant 2004. Eelke Lok praat mei Johan van der Zee, dy't de measte Fryske reportaazjes makke hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)