Gewest Fryslân fan 17 jannewaris 2013

De ‘lytse skoalle problematyk’ koene je hast alle wiken wol behannelje yn ‘Van Gewest tot Gewest’, dy wie oeral en altyd itselde. Yn 1981 seach it programma efkes yn Hidaard, it resultaat sjogge jo yn Gewest Fryslân fan dizze wike.

Fierder is der omtinken foar de geweldige natuer- en lânboudiskusje dy't Fryslân hie yn de tiid fan plan A of plan D. A wie de besteande dyk ferheegje, D wie in hiel soad bûtendyks lân yn de Waadsee ynpolderje. A hat úteinlik wûn, mar yn de reportaazje út 1976 sitte de minsken noch folop yn ‘e diskusjes. Mei prachtige bylden fan ‘Van Gewest tot Gewest’ út in fleantúchje wei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)