Gewest Fryslân fan 16 jannewaris 2016 17:00

We sille wer los mei in nije searje âlde reportaazjes út it eardere nasjonale programma Van Gewest tot Gewest. Dat programma bestie tusken 1965 en 2015. We besteegje dêr yn it programma Gewest Fryslân omtinken oan, want we litte fansels inkeld de reportaazjes sjen dy’t makke waarden foar Fryslân. Meastentiids die Johan van der Zee dat, hy siet tusken 1968 en 2002 by Van Gewest tot Gewest en hat ûntelbere reportaazjes makke. Mei him meitsje we dat programma Gewest Fryslân. Oan syn keukentafel.

Hjoed omtinken oan de yn 1976 waaide de Bonifatiustoer yn Ljouwert fan de Roomske tsjerke ôf. Spektakulêr. Der binne bylden fan te sjen yn Gewest Fryslân, om’t soks yn 1977 siet yn in reportaazje fan it nasjonale programma Van Gewest tot Gewest. Dy litte we sjen yn it programma Gewest Fryslân. Ek oer dat eins earst dy toer gewoan ôfbrutsen wurde soe, dan prate we oer 1969, om’t de Roomske tsjerke leechrûn. Fierder in reportaazje út 1987 oer pingo’s. Doe al it andert op de fraach dy’t minsken no noch faak ha: wat binne pingo’s eins.

Gewest Fryslân om 17.00 oere hjir nei alle oeren nei Hjoed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)