Gewest Fryslân fan 16 desimber 2012

Fryslân hat in eigen taal, mar ek noch ferskate lytse talen. It Biltsk is dêr in foarbyld fan. Yn 1986 waard dêr stúdzje nei dien en dat wie foar Van Gewest tot Gewest oanlieding om ris te dûken yn dat 'Bildts aigene'. Prachtige bylden, moaie taalferhalen. Te sjen yn Gewest Fryslân dat ek noch efkes yn de fiere histoarje dûkt as der in besite brocht wurdt oan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, dat yn de jierren 60 in plakje krige yn Ljouwert en dus ek ûnderwerp waard yn Van Gewest tot Gewest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)