Gewest Fryslân fan 15 augustus 2013

Gewest Fryslân lit reportaazjes sjen fan it programma Van Gewest tot Gewest, op it nasjonale net, fan 1965 oant 2004. Eelke Lok praat mei Johan van der Zee, dy't de measte Fryske reportaazjes makke hat.

Ien reportaazje hjoed yn Gewest Fryslân, mar eins meie je dit ek wol in dokumintêre neame. Sa no en dan mochten de redakteuren fan Van Gewest tot Gewest soks meitsje. Sa gie Johan van der Zee yn 1974 in dei op stap mei frou Grytsje Kooistra-Walon. Sy wie in merkefrou en har libben út de tiid fan doe wurdt delset, wat rêstiger as we no wend binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)