Gewest Fryslân fan 14 febrewaris 2013

Wettersport yn Fryslân

Dizze wike yn Gewest Fryslân twa reportaazjes oer wettersport. De iene komt út 1973 en fertelt fan de aksje fan de provinsje Fryslân; ‘Gunnum z’n brug’. Hoe moat men troch in brêge farre? Mar sy woenen ek witte wêr’t de wettertoerist yn Fryslân hinne gie en hinne woe.

De oare reportaazje komt út 1989, mei Polygoonbylden fan 1929, doe’t it hjoeddeiske skûtsjesilen wer ûntstie yn Grou ûnder auspysjes fan notaris Buisman. En ek bylden fan it skûtsjesilen yn 1989.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)