Gewest Fryslân fan 13 juny 2015 17:00

Sjoerd de Vries skildere yn 1993 de boargemasters fan Ljouwert, mar de famylje fûn dat er âld-boargemaster Van der Meulen te grutte earen jûn hie. Tsien jier mocht it skilderij net sjen litten wurde, mar yn 2003 kaam it tefoarskyn. Van Gewest tot Gewest makke in portret fan Sjoerd de Vries en wie by it sjen litten fan it wurk. Fierder, kontrast, in reportaazje út 1969 oer de eilantsjes dy’t de bestjoerders yn de Hegemermar en Fluezen ha woene. Johan van der Zee, hy makke yndertiid dy reportaazje, fertelt yn Gewest Fryslân no ek noch oer dy reportaazje, dêr’t nochal wat tûkelteammen oan sieten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)