Gewest Fryslân fan 13 juny 2013

Noch altiten wurdt der paat oer it Polderhoofdkanaal yn en om Nij Beets. It is der noch net, mar noch altyd wol de gemeente Opsterlân safier komme. Jûn yn Gewest Fryslân is in reportaazje te sjen fan it programma Van Gewest tot Gewest út 1980 en doe kamen de plannen krekt op it kleed. Nij Beets woe graach wat meipikke fan de rekreraasjeslach dy't Fryslân doe makke, mar dan moasten der al boatsjes komme kinne. En dat joech doe al swierrichheden. Gewest Fryslân bliuwt jûn yn de skipperij, it sjocht om de hoeke by de Friese Mij tot verzekering van binnenvaart, in nasjonaal bedriuw dat yn it Fryske It Hearenfean it bêste wurkje koe en tsjinstber wie oan de skippers, want se wiene doe yn 1978 in koöperaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)