Gewest Fryslân fan 12 septimber 2013

Gewest Fryslân lit reportaazjes sjen fan it programma Van Gewest tot Gewest, op it nasjonale net, fan 1965 oant 2004. Eelke Lok praat mei Johan van der Zee, dy't de measte Fryske reportaazjes makke hat.

Frou Faber-Hornstra hat jierrenlang foarsitter fan de Fryske kultuerried west. Se wie fan grutte betsjutting foar allerhande saken op kultureel Frysk mêd. Se naam yn 1976 ôfskie fan de Ried en dat waard in grut barren. Van Gewest tot Gewest wie der by. Fierder in reportaazje oer in útstalling fan de Fryske keunstner Gerrit Terpstra yn 1994, yn it tsjerkje fan Ginnum, mei absurdistyske muzyk.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)