Gewest Fryslân fan 12 novimber 2016 17:00

Soms fine ûndersikers moaie dingen. Sa wiene der yn de Wâlden lju dy’t tekeningen en ferhalen fûnen fan de âlde sosjalist Jelle Dam. Dy wenne eartiids yn in spitkeet djip yn de Wâlden. Prachtige tekeningen en Johan van der Zee lêst moaie ferhalen foar. In reportaazje út 1978, dêrfoar en dêrnei ha we noait wer wat fan Jelle Dam heard. Wol fan de Fryske nasjonalist Jan van der Baan. Hy is yn de reportaazje fan 2002 te sjen by de fersakkingen yn Siesbierrum. Neffens him kamen de skuorren yn de muorren fan de buorkerijen fan de winning fan it sâlt. It wurdt him yn de reportaazje ûntstriden troch sâltdirekteur Van Tuinen, mar Van der Baan wie net oertsjûge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)