Gewest Fryslân fan 12 maart 2016 17:00

Eartiids wie it jeugdfakânsjekamp Sparjebird tusken De Himrik en de Sweach rom ferneamd. Hûnderten bern hiene dêr simmers harren wille. Entûsjaste lieding. We kenne it al lang net mear. It programma Van Gewest tot Gewest sette dêr yndertiid in reportaazjeteam del en de resultaten sjogge we jitris, want yn it programma Gewest Fryslân bringe we dy âlde tiden wer werom. Dit wie in reportaazje út 1973. En we sjogge noch efkes yn 1985. Doe hiene we noch mannen mei echte skipperspetten. Dy skippers sjogge je, mar ek hoe’t krekt sa’n echte skipperspet makke waard. Oant en mei it lêste triedsje.

Gewest Fryslân: op sneon 12 maart om 17.00 oere. Dêrnei fan 18.15 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)