Gewest Fryslân fan 11 oktober 2014 17:00

Yn Gewest Fryslân sjogge we hoe't eartiids grutte ielaken fan Heech en De Gaastmar nei Londen fearen. Dagen, soms wiken ûnderweis, mei iel dy't lykwols sa goed ferkocht waard yn Londen dat it wol út koe, ek al wie de iel somtiden seesiik.

Yn de jierren santich hat Jan Zetsema der in moai boek oer skreaun en yn in reportaazje mei dia's hat er oan Johan van der Zee ferteld hoe't dat eartiids gie. Dy reportaazje fan Van Gewest tot Gewest sit yn Gewest Fryslân, dat fierder ek noch omtinken jout oan in ferhaaltsje út 1971, doe't in Snitser oan minsken besocht skûtsjesilen “te learen”. In sylskoalle dy't it net lang úthâlden hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)