Gewest Fryslân fan 11 maaie 2016 17:20

    In frachtwein mei troch oalje bedutsen fûgels dy’t fan Frankryk nei de Dongeradielen rydt. En dan útkomt by Gaatske Wiersma fan de Fûgelpits, dy’t se yn har ferneamde tonne wasket. It wie it jier 2000. No ja, goede sjoernalisten freegje fansels ek oan oaren wat se dêrfan fine. En dan seit immen: ach, dit is neat, net mear as in drip op de gloeiende plaat. En dan moat Gaatske gûle. Fierder noch in reportaazje út 1970 fan weevjende froulju yn it Ljouwerter Wevershof.

    Werhelling fan sneon 7 maaie 2016.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)