Gewest Fryslân fan 10 jannewaris 2013

Gewest Fryslân sil tenei op tongersdei yn byld komme mei bylden en reportaazjes fan de lanlike programmasearje van Gewest tot Gewest. Eelke Lok praat dêr oer mei de makker fan de measte fan dy reportaazjes Johan van der Zee. Mar dy wie dêr noch net iens doe't der troch van Gewest tot Gewest al ferteld waard dat de Fryske doarpen leech reitsje, dat de tsjerken leech rûnen, de skoallen net mear draaie koenen, dat de winkels it opjoegen en dat de boere-arbeiders fan it doarp nei it wurk yn de stêd giene. En yn 1967 waard der op deselde wize oer praten as no, allinne is yntusken it wurd krimp útfûn. Mar fierder is alles gelyk. We sjogge yn Gewest Fryslân trouwens ek noch efkes yn it Woudegemaal op 'e Lemmer yn 1984, doe noch gjin wrâlderfguod, mar wol hiel moai..

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)