Geert yn de middei fan 9 septimber 2015 13:00

Ferslachjouwer Timo Jepkema fleant der wer út! Fan 'e middei is er de hiele middei te finen op De Harkema. Ha jo tips foar Timo? Witte jo wêr't hy echt efkes sjen moat, hawwe jo sels moaie ferhalen oer dit plak of stiet by jo de kofje klear? Wy hearre it graach! Lit it ús witte troch te beljen nei 058 299 7880, stjoer in appke of sms nei 06 20 499 199 of mail nei geert@omropfryslan.nl.

Ek belje wy efkes mei Rommy van Lingen fan it Friesland College. It is de wike fan de alfabetisearring. Rommy is koördinator fan it team dat les jout oan minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne. En dat binne der mear as wy tinke. Mar leafst 1 op de 7 Friezen tusken 16 en 65 jier hat muoite mei lêzen en skriuwen. Allinnich hinget der in hiele grutte skamte by dizze groep, dy't dêrtroch net aksje ûndernimme. Mar jo hoege jo der hielendal net foar te skamjen, fertelt Rommy.

Jeanine Kuipers en Hester van Gerner dogge mei oan de Burgum-run kommende snein. Beide froulju dogge dat foar it goede doel. Se rinne de 10 kilometer foar Stichting hulpactie bootvluchtelingen. Freonen en kollega's stypje harren troch jild te donearjen. Wolsto ek stypje? Nim dan kontakt op fia hestervangerner@hotmail.com of jeaninespanjer@gmail.com.

Ynterieurstiliste Anke Dijkstra út Dokkum komt nei de studio. Dizze moanne kin elkenien dy't nijsgjirrich is by har yn hûs sjen. Har hûs stiet nammentlik yn de VT Wonen. No't it wer hjerst wurdt is it heech tiid om it binnen smûk en gesellich te meitsjen. Mar hoe dochst dat? Anke jout handige tips foar in smûk hûs. Benijd nei Anke's wurk? Sjoch op www.ankesarte.nl of www.stylingburo71.nl

Rommy van Lingen fan it Friesland College

Hurdrinfroulju Jeanine en Hester

Ynterieurstiliste Anke Dijkstra

Timo by iepenloft De Harkema

Timo by de Spitkeet

Timo by kapsalon Antoinette

Timo sjocht op it fjild fan Harkemase Boys

Op besite by kafetaria Lyts Begjin

13:10 - Douwe Bob - Sweet Sunshine
13:15 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
13:18 - Kt Tunstall - Suddenly I See
13:26 - The Lau - We Zijn Wie We Zijn
13:33 - Abba - Summer Night City
13:45 - Beand & Skep - Moai Waar
14:05 - Mika - Grace Kelly
14:14 - Avicii - Waiting For Love
14:27 - Michael Buble - Haven't Met You Yet
14:35 - Robin Thicke (Ft. T.I. & Pharrell) - Blurred Lines
14:46 - Level 42 - Something About You
15:05 - Sister Sledge - He's The Greatest Dancer
15:10 - Alvaro Soler - El Mismo Sol
15:21 - Mary J. Blige & George Michael - As
15:26 - Robbie Williams - Angels
15:34 - Train - Hey Soul Sister
15:44 - Die Twa - Asto Mar By My Bist
15:53 - Grytz & Grize - Tuike Oan (Cd)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)