Geert yn de middei fan 9 juny 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

It is tiisdei, dus Geert van Tuinen sil wer syn bêst dwaan om allerhanne saken yn Omrop Help foar jo te finen! Allerearst sykje wy foar Tseard de Jong fan Ljouwert it boekje 'Hoe het met pijpjedrop vergaat'. Dit boekje waard eartiids útjûn troch Esso. De petroaljeman koe it as kadootsje fuortjaan oan de bern fan klanten.

Foar Corrie van der Werf sykje wy de melody by de teksten fan kabaretgroep Samar. En spesjaal by Boerestân en Talinten. Har man koe de ferskes út de holle sjonge, mar no't er ferstoarn is rekket Corrie stadichoan de melody kwyt. En se wol graach dat har bern de ferskes ek krije.

Frou Meijer fan Snits siket in gedicht oer bibelboeken. Alle bibelboeken komme yn dichtfoarm deryn foar. It gedicht is rûn 1900 hinne skreaun. Rennie Knoop fan Sint Nyk siket it boek oer de Fryske Wassenaars, skreaun troch Vleer. Har mem wie in Wassenaar en se soe graach de stambeam fan har foarâlden ha wolle.

Ta beslút sykje wy foar Sjoerd Postma fan Stiens nei minsken dy't mei him in oranje stabijhûntsje fokke wolle. Der binne nammentlik trije kleuren stabijhûntsjes. De swart-wite stabij, de brún-wite stabij en de oranje-wite stabij. It liket Postma moai om dy lêste soart te fokken.

Ha jo ien fan boppesteande saken en wolle jo it wol kwyt? Lit it ús witte! Nim kontakt op fia de mail: geert@omropfryslan.nl of stjoer in sms'ke of appke nei 06 20 499 199. Belje kin ek mei 058 299 78 44.

13:09 - Mavericks - All You Ever Do Is Bring Me Down
13:14 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
13:19 - Borker Trio - Pieteroliekar
13:25 - Lunchmoney Lewis - Bills
13:37 - Michael Jackson - Billy Jean
13:45 - Gerbrich Van Dekken - Nei Wytze Ta
13:53 - Amy Macdonald - This Is The Life
14:06 - Billy Ray Cyrus - Achy Breaky Heart
14:12 - Dotan - Hungry
14:23 - Simply Red - Holding Back The Years
14:27 - The Kik - De Zomer En Jij
14:32 - Powerplay - Make It Alone
14:38 - Samar - Hop Mar Myn Swarte
14:44 - Christine And The Queens - Christine
14:48 - Rolling Stones - Get Off Of My Cloud
14:48 - Bruce Springsteen - Dancing In The Dark
14:49 - Los Bravos - Black Is Black
15:06 - Peter Frampton - Show Me The Way
15:12 - Elvis Costello - Oliver's Army
15:23 - Omi - Cheerleader
15:27 - Rolling Stones - Get Off Of My Cloud
15:27 - Bruce Springsteen - Dancing In The Dark
15:28 - Los Bravos - Black Is Black
15:29 - Taylor Swift - Shake It Off
15:35 - Stranglers - Skin Deep
15:50 - Bruce Springsteen - Dancing In The Dark

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)