Geert yn de middei fan 7 april 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Wy gean hjoed wer fanatyk op syk nei allerhanne saken mei Omrop Help. Aaltje Wijbenga wenne eartiids yn Ternaard. Se hie doe in skilderij De Snikke, makke troch Hendrik Toornstra. Mar troch ferhuzings is se it skilderij kwyt rekke.

Johannes van der Wal út Frjentsjer siket puzelstikjes fan 4x2 sintimeter út 1948. Dit binne spesjale puzelstikjes, dy't hy fan syn mem krigen hat. Der binne allerhanne foarstellings fan, lykas in stasjon of in bûtermerke.

Tettsje Kiemel út Grou is al in jier as fiif op syk nei in boek oer letterlapen. Se kin it nergens besette en wol it och sa graag sels hawwe. It boek mei de titel Letter voor Letter waard útjûn ter gelegenheid fan in tentoanstelling yn it Fries Museum oer letterlapen.

Klaas Veenstra út Tytsjerk siket it boek Smokkelaars fan de Skâns. It boek is skreaun troch Sibe van Aangium, in pseudonym fan Hendrik Steen. Klaas hat it boek lêzen yn de bibleteek fan de legere skoalle, mar soe it graach nochris lêze wolle.

Ha jo in tip foar Omrop Help? Stean by jo yn de boekekast ien fan boppesteande boeken en wolle jo it wol kwyt? Lit it ús witte troch in mailtsje te stjoeren nei geert@omropfryslan.nl. Fansels kinne jo ek belje mei 058 299 7880.

En we belje efkes mei Joop Heida fan Harns. Hy sit yn It Centraal Comité 1945 yn Harns. Sy sykje foto's fan de befrijing en de feesten dernei. Wa hat noch foto's fan Harns fan dy tiid. Mail de reaksjes nei info@cc45harlingen.nl

13:07 - Allman Brothers Band - Ramblin' Man
13:14 - Miss Montreal & Pascal Jakobsen - Ik Zoek Alleen Mezelf
13:22 - Ub 40 - Rat In Mi Kitchen
13:28 - Wiebe Kaspers - Dream Mar Leave (Proloog)
13:33 - 3Js - Til Me Op
13:41 - Years & Years - King
13:45 - Shanice - I Love Your Smile
13:50 - Gurbe Douwstra - Leaver As De Leafde
13:55 - Bobby Vee - The Night Has A Thousand Eyes
14:04 - Maroon 5 - Misery
14:09 - Pitbull Ft. John Ryan - Fireball
14:20 - Van Halen - Jump
14:25 - Grytz & Grize Mei Johannes Rypma - Alle Dagen Dy
14:32 - Walk The Moon - Shut Up And Dance
14:38 - Wiegels Wjukkelmasine - Ik Wit Net Wat Der Is, Mar Der Is Altyd Wat
14:45 - Clash - The Magnificent Seven
14:54 - Iris Kroes - Throw In Tomorrow
15:04 - Stone Roses - Fool's Gold
15:09 - Omi - Cheerleader
15:13 - Rock Allround - Hald Fest
15:19 - Irene Cara - Flashdance.. What A Feeling
15:24 - Ray Lamontagne - You Are The Best Thing
15:30 - Rihanna Feat Kanye West & Paul Mccartney - Four Five Seconds
15:34 - Rod Stewart - Maggy May
15:43 - Mark Ronson Ft Bruno Mars - Uptown Funk
15:50 - Lange Frans Kasper Van Kooten & Baas B. - Mooie Blouse Moppie!
15:55 - Anneke Douma - De Roas

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)