Geert yn de middei fan 31 augustus 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Us gast fan fan 'e middei is Tet Rozendal. Femke praat mei har oan de hân fan har top trije mei platen út 60-tiger, 70-tiger en 80-tiger jierren. Tet is op dit stuit drok dwaande mei de tariedings foar har nije foarstelling Nachtvlinder en hat har ynspiraasje fûn yn Londen. Se is der al ferskate kearen west dit jier en moarn giet se der wer hinne.

En it is moandei dan geane we ek wer oer de grins.
We belje mei Jeljer Bouma yn Berlyn. Jeljer sit yn Berlyn, wennet yn Prenzlauer Berg en wurket yn Kreuzberg. Hy hat earst in skoftke yn in restaurant wurke der't er wat Dútsk leard hat. No wurket hy yn in ekstern callcenter foar in grut elektroanikakonsern. Feitlik komme de klanten út België en Nederlân by him telâne, der't it moeilik is in oplossing foar te finen. Derneist docht Jeljer folle administratyf wurk foar de rest fan Europa, wat feitlik delkomt op it stjoeren fan in boel mailtjes. Hoe is it mei him dizze simmer gien?

En hoe is it mei Marijke Hornstra? Se is mei har freon op de fytst yn Bogota oankaam foarige wike. Yn Bogota kamen se yn in gefaarlike bûtenwyk oan, de krimineelste wyk fan Bogota, dêr't se ûnder plysjebegelieding nei de binnenstêd brocht waarden. No binne se feilich yn in hûs en sûnder bisten. Foarige wike wiene se noch tige wurch. Hoe is it no?

Tet Rosendal by Femke yn de studio

11:05 - Alvaro Soler - El Mismo Sol
11:08 - Stromae - Formidable
11:16 - Toto - Stop Loving You
11:22 - Andre Hazes - Zomer
11:25 - Pink Floyd - Wish You Were Here
11:33 - Tom Petty - Learning To Fly
11:37 - Felix Jaehn & Jasmine Thompson - Ain't Nobody
11:43 - Chris Isaak - Blue Hotel
11:47 - Die Twa - Sinnewaarmte
11:51 - Jan Nota - Bmy
11:55 - Lionel Richie - Angel
12:12 - Abc - The Look Of Love
12:23 - Avicii & Robbie Williams - The Days
12:41 - Nico And Vinz (Ft. Kid Ink And Be) - That's How We Know
12:52 - Robert Palmer - Mercy Mercy Me
13:09 - Anouk - New Day
13:16 - Jason Derulo - Want To Want Me
13:42 - Dolly Parton - Jolene
13:50 - Madonna - Like A Prayer

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)