Geert yn de middei fan 30 juny 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Femke de Walle siket fan 'e middei yn Omrop Help nei allerhanne saken dy't jo kwyt binne. Sa siket frou Harmens út Kollumersweach it Fryske boek fan De tsien fan Martens Afkes. Se hat it boek sels hân, mar doe útliend en net weromkrigen. Frou Harmens hat al wakker op rommelmerken socht, mar kin it Fryske boek net mear fine.

Roosje Wiersma út Bûtenpost siket in ferskes, mei op de eftergrûn in stim dy't fertelt oer Broeder Willem. Dy broeder song falsk en moat dêrom út it koar dêr't er sjongt. It bestjoer komt him dat thús fertellen. In wike letter komme se wer en dan sit Broeder Willem dea achter de tafel. Mar hy is dan wol yn it himmelsk koar kaam. Roosje sit sels yn it koar en soe dit ferske graach nochris sjonge.

Richtsje Veenstra fan Surhúzum siket in diel fan har Fryske kostúm. Se ha tit brûkt foar in túgerij, en it is in nij kostúm dat nei âld model neimakke is. Richtsje hat it jierrenlyn útliend mar net mear weromkrigen. En se wit net mear oan wa't se it útliend hat. Se mist de rok en it jak, de sieraden en de kappe hat se noch wol.

En foar Eelco Hoff sykje wy minsken dy't Rinske Hoff kend hawwe. Syn pake is de heit fan Rinske. Sy hat jierrenlang de stim west fan Radio Moskou. Fierder wit Eelco net folle fan har, mar hy soe graach in portret oer dizze markante frou meitsje.

Hawwe jo ien fan boppesteande saken yn de kast stean en wolle jo der wol fan ôf? Lit it ús witte! Belje mei 058 212 36 18 of stjoer in mailtsje nei geert@omropfryslan.nl. SMS'e of appe kin ek nei 06 20 499 199.

Wy belje hjoed efkes mei Nynke de Vries, direkteur fan de Salverdaskoalle yn Wûns. Dizze skoalle hat hjoed de alderlêste dei, want nei de simmerfakânsje giet de skoalle net mear iepen. Om dizze lêste dei dochs feestlik ôf te sluten, binne der de hiele dei gesellige aktiviteiten foar de bern. Moarns wiene der ferskate workshops en fan 'e middei holden se in foksejacht. Om 16.00 oere is der muzyk fan Nynke Jaarsma en sille de bern fan Wûns foar it lêst fan harren hearre litte.

En wy ha twa gasten yn de studio. Joke Plantinga en Leah Buren sille tegearre de Alvestêdetocht op it hynder ride foar it goede doel: Make a Wish. Wolle jo dizze froulju stypje? Dan kin! Sjoch op www.leahburen.nl en donear oan dizze fanatike hynsteriders.

Nynke de Vries, direkteur fan de Salverdaskoalle yn Wûns

Joke Plantinga en Leah Buren sille de Alvestêdetocht op it hynder ride

13:09 - Rob De Nijs - Banger Hart
13:16 - Christine And The Queens - Christine
13:23 - Anouk - New Day
13:27 - Inutero - Simmer
13:33 - John Mayer - Clarity
13:45 - Wes - Alane
14:05 - Will And The People - Lion In The Morning Sun
14:11 - Alain Clark - Father & Friend
14:25 - Bill Medley & Jennifer Warnes - (I've Had) The Time Of My Life
14:34 - Lunchmoney Lewis - Bills
14:37 - Crowded House - Weather With You
14:46 - Razorlight - America
14:50 - De Dijk - Laat Het Vanavond Gebeuren
15:04 - Counting Crows - Accidentally In Love
15:10 - Take That - Back For Good
15:22 - Jelle B & Esther Postma - Mij Ben Je Nu Kwijt
15:25 - Kygo - Stole The Show
15:33 - Sara Bareilles - King Of Anything
15:42 - Jaap Louwes - Fan't Simmer
15:45 - Bachman Turner Overdrive - You Ain't Seen Nothing Yet (Single Version)
15:50 - Griet Wiersma - Genietsje Fan Disse Dei
15:54 - Johan & De Groothandel - As Dick Me Hullep Nodig Heb

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)