Geert yn de middei fan 30 april 2015 13:00

Wy gean hjoed wer op 'en paad mei de Koer fan Fryslân. De koer wie ôfrûne wike by Sietse Lugtenveld fan Haulerwyk. Hy brocht him nei Jitze Schievink yn Donkerbroek. Jitze is omke fan Sietse en hat in tige warbere man west. Hy hat 30 jier yn tsjerkebestjoer sitten, hat in skoft aktyf west yn it skoalbestjoer en hâldt him no dwaande mei allerhanne oare saken.

Wy belje efkes mei Wianda Hoekstra fan de Hippische Sport yn Burgum. Fan 30 april oant 2 maaie hâlde sy yn Burgum in dressuerevenemint fan trije dagen, omdat se fine dat der te min oandacht is foar de dressuersport. Faak binne de springkonkoersen op tillevyzje te sjen, mei grutte prizen. Mar dressuersport sjogge wy folle minder foarby kommen. Om dressuer te stimulearjen komt Esther Liano nei Burgum om in show te jaan.

En wy ha Hans Noordenbos oan de line. Hans komt út Gytsjerk en is ien fan de sân manlju en froulju dy't op twadde pinksterdei de Alvestêdetocht fytse sil mei in donororgaan. Hans hat in niertransplantaasje hân en fertelt hoe wichtich dizze donor foar him west hat.

Marijke Hornstra koene we moandei net berikke, mar no wol. Marijke docht in fytstocht fan Súd-Amerika nei Alaska. Se fertelt ús alle wike oer har avontoeren. Se sit no al in pear wiken yn Peru. Mar se hat ús witte litten dat sy in soad belibbe hat, dus we moatte nedich efkes byprate!!

Sneon wurdt der skatgroeven yn Aldbiltsyl. It Archeologisch Steunpunt giet mei 22 bern en metaaldetektors it lân yn oan 't begjin fan de Aldebiltdyk. De bern krije earst in koarte útlis oer hoe't sy "skatgrave" kinne. Dat is tige spannend fansels. We belje efkes mei Kirsten Zwijnenburg fan de Aerden Plaats.

Wianda Hoekstra fan de Hippische Sport Burgum

Hans Noordenbos fytst mei donornier Alvestêdetocht

Koer fan Fryslân is by Jitze Schievank fan Donkerbroek

Kirsten Zwijnenburg oer skatgrave yn Aldebiltsyl

Koos Pot fan it befrijingsfestival oer de Kanadeeske feteranen

Marijke's fytstocht

13:09 - Shania Twain - Whose Bed Have Your Boots Been Under?
13:15 - Taylor Swift - Style
13:21 - Groove Department - Nije Dei
13:25 - Maitre Gims - J'me Tire
13:34 - Cars - Drive
13:41 - Omi - Cheerleader
13:44 - Van Wieren - Vandaag
13:54 - Stealers Wheel - Stuck In The Middle With You
14:06 - Of Monsters And Men - Little Talks
14:13 - Krystl - Home
14:25 - U2 - I Still Haven't Found What I'm Looking For (Live)
14:34 - Prince - The Most Beautiful Girl In The World
14:45 - Vangrail - Wie Heb Jij Bevrijd
14:52 - Avril Lavigne - I'm With You
15:04 - Leo Sayer - Thunder In My Heart
15:08 - Jess Glynne - Hold My Hand
15:16 - Hozier - Take Me To Church
15:25 - Doe Maar - Is Dit Alles
15:33 - Sting - Love Is The Seventh Wave
15:37 - Blof - Niets Dan Dit
15:47 - Dr. Alban - Sing Halleluja!
15:54 - Queen - Bicycle Race

Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)