Geert yn de middei fan 29 juny 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Femke de Walle siket fan 'e middei de muzikale grins op mei gersbaanracer Jannick de Jong oan de hân fan syn top trije mei platen út 60-tiger, 70-tiger en 80-tiger jierren. Tegearre sjogge Femke en Jannick werom op it WK gersbaan foar lanneteams yn it Dútske Mühldorf.

En fansels gean wy de grins wer oer. Wy belje mei Rudmer Bosga. Rudmer komt oarspronklik fan De Tike, mar wennet al wer jierren mei frou en bern yn Barcelona. Dêr wurket er as fertsjintwurdiger by softwarebedriuw SAP. Geregeld reizget er nei Nederlân om hjir by klanten op besite te gean. Dochs sit er hielendal op syn plak yn Spanje. Moai waar, in moaie stêd en leuke minsken.

En fansels ha wy Milou en Marijke wer oan de tillefoan. Model Milou Groenewoud hat it noch altyd smoardrok en krijt allerhanne fotoklussen. Hat se noch nûvere saken meimakke? En hoe giet it mei Marijke Hornstra yn Ekwador? Ek sy belibbet alle wiken moaie aventoeren.

Ta beslút kom Miranda Werkman yn de studio om te fertellen oer Tafel18, it nije tv-programma, wêryn't de Omrop siket nei de bêste kok fan Fryslân.

Jannick de Jong, de muzikale gast

Rudmer Bosga wennet al alve jier yn Spanje

Marijke's Fytstocht fan 29 juny

Model Milou Groenewoud

Miranda Werkman oer it nije programma Tafel18

13:08 - Crystal Fighters - Plage
13:15 - Calvin Harris Ft. John Newman - Blame
14:04 - Coldplay - Every Teardrop Is A Waterfall
14:11 - Mans Zelmerlow - Heroes
14:22 - Kid Rock - All Summer Long
14:27 - Wind Earth & Fire - September '99 (Phats & Small Remix)
14:36 - Caro Emerald - A Night Like This
14:46 - Kurt Darren - Loslappie
14:50 - Trijntje Oosterhuis - Walk Along
14:53 - Spargo - You And Me
15:03 - Abba - Dancing Queen
15:08 - Passion Fruit - The Rigga Ding Dong Song
15:15 - Niels Geusebroek - Best Part Of Me
15:23 - Lost Frequencies - Are You With Me
15:34 - Vulcano - Een Beetje Van Dit
15:41 - Aretha Franklin - Think
15:49 - Maaike Rients, Piter & De Kast - Simmer 2000 (Live)
15:54 - Beatles - Eight Days A Week

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)