Geert yn de middei fan 28 maaie 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Wy folgje de koer fan Fryslân op syn reis troch de provinsje. De koer wie by Douwe Hiemstra fan Snits en gong nei Sieb Abma út Nijesyl. Sieb is tsjerklik aktyf, helpt altyd mei ferhúzjen, sit by de fûgelwacht, jout graach advys en restaurearret ek noch grêfstiennen. In tige aktyf man en fanatyk harker fan Omrop Fryslân.

Wy belje efkes mei Ciel Huitema fan de Scheepsmaatjes. Sneon wurdt der wer in dei foar minsken mei in beheining holden. Dizze Scheepsmaatjes organisearje it feest dit jier foar de tsiende kear, dus dat moat grut fierd wurde.

No sneon is der yn Feankleaster in 'Uitvaartfair'. Sa'n 40 bedriuwen litte sjen wat der allegear mooglik is op it mêd fan in begraffenis of kremaasje. Fan wetterurnen oant jiskekeunst, der is tsjintwurdich fan alles mooglik. Wy belje efkes mei de organisaasje.

En wy krije leuke gasten yn de studio! Vera en Pauline sille tegearre nei it World Jamboree yn Japan. De World Jamboree is in kamp foar skouts fan út de hiele wrâld, dat ien kear yn de fjouwer jier organisearre wurdt. Der dogge sa'n 30.000 skouts oan mei út sa'n 150 lannen.

Ek Nathalie Oliveiro en Daniëlle Paulusma binne by ús te gast yn de studio. Beide froulju sille ynkoarten fan Fryslân nei Spanje fytse foar in goed doel. Wat foar doel dat krekt is? Wy freegje it fan 'e middei! Benijd nei de reis? Folgje de froulju op facebook.com/frieslandsantiago.

Sieb Abma út Nijesyl krige de koer fan Fryslân

Ciel Huitema fan de Scheepsmaatjes

Berber Sangers oer de 'Uitvaartfair' yn Feankleaster

Vera en Pauline sille nei it World Jamboree

Nathalie Oliveiro en Daniëlle Paulusma fytse nei Spanje

13:06 - Rowwen Heze - Ik Wer Alt
13:11 - Lunchmoney Lewis - Bills
13:17 - Wiz Khalifa Feat. Charlie Puth - See You Again
13:23 - Adri De Boer - Leau Mar Yn My
13:26 - Mamas & Papas - Monday Monday
13:26 - Dennie Christian & Mieke - Zaterdagavond
13:27 - Lesa Cormier & The Sundown Specials - Saturday Night Special
13:27 - Cindy & Bert - Immer Wieder Sonntag
13:27 - Kensington - All For Nothing
13:35 - Simple Minds - All The Things She Said
13:45 - Die Twa - Sinnewaarmte
13:49 - Brendan Peyper - Stop, Wag, Bly, Nog 'n Bietjie
13:54 - Van Morrison + Michael Buble - Real Real Gone
14:04 - Coldplay - Every Teardrop Is A Waterfall
14:10 - Maroon 5 - Sugar
14:23 - Supertramp - Give A Little Bit
14:29 - Perry Como - Hot Diggity
14:34 - Aretha Eurithmics, Franklin - Sisters Are Doing It For Themselves
15:04 - R.E.M. - Losing My Religion
15:09 - James Taylor - Enough To Be On Your Way
15:20 - Arie Kuipers - Mem Wit It Net
15:28 - Nielson - Beauty & De Brains
15:34 - Eurythmics - Sweet Dreams
15:47 - Mamas & Papas - Monday Monday
15:54 - Kris Kristofferson - Sunday Mornin' Comin' Down

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)