Geert yn de middei fan 27 augustus 2015 13:00

Ruurd Abma hat De koer trochjûn oan Jan Niehof en Marja Stoter, soarchûndernimmers fan it Thomashûs yn Arum. Hy hat in soart wurdearring foar harren. Jan en Marja ha gjin 24-oere baan. Se fange licht ferstanlike en hendikepte bern op. We praten mei Marja oer har wurk. En oan wa soene sy de koer wer trochjaan?

Nienke Vlieg en Esther Wijma ha it projekt Beppe Sok mei betocht. Sân studinten fan it Nordwin College yn Ljouwert hiene de opdracht fan skoalle krigen om in ûndernimming te starten. Se ha in sosjale en duorsume ûndernimming opstart. Se wolle mei âlderen breidzje mei jern dat safolle mooglik ynsamle wurdt. De breide produkten wurde dan wer ferkocht en de opbringst is foar it âlderenfûns yn Noard Nederlân. In tige goed inisjatyf dus.
Jern kin brocht wurden nei it Nordwin College, Jansoniusstraat 2 yn Ljouwert. Mar sjoch ek efkes op harren facebook side Beppesok. Foar fragen kin der maild wurde nei beppesok@outlook.com

Johanna Hoogland fan Ferwert hat in science fiction boek skreaun. Se hâldt sels tige fan lêzen en skriuwen. Har dream wie om sels in eigen science fiction boek te skriuwen en dêr is se twa jier lyn mei begûn. It manuskript hat se nei Boekscout stjoerd en dy fûnen it in spannend boek en woene it wol útjaan. No leit har boek fan moarn ôf yn de webwinkel fan Boekscout! De titel fan it boek is De Poelianen. Moarn dus in spannende dei foar Johanna!
www.boekscout.nl

En Janny Tiesnitsch is ek dwaande mei wat bysûnders. Se siket kassettebantjes. Dêr wol se mei hantwurkje en dat ferkeapet se dan wer. Alles foar it goede doel, it Ronald Mc Donald hûs Friesland en it Microkrediet foar memmen. Dus wa kin Janny noch oan kassettebantsjes helpe?

Nienke Vlieg en Esther Wijma oer Beppesok

Janny Tiesnitsch op syk nei kassettebantsjes

Johanna Hoogland oer har science fiction boek Poelianen

De koer fan Fryslân wie by Marjo Stoter en Jan Niehof fan It Thomashûs yn Arum

13:08 - Alvaro Soler - El Mismo Sol
13:14 - Peter Fox - Haus Am See
13:24 - Felix Jaehn & Jasmine Thompson - Ain't Nobody
13:27 - Alison Krauss & Union Station - Forget About It
13:33 - Rolling Stones - Start Me Up
13:37 - P!Nk - Raise Your Glass
13:47 - De Kast - Moarn Sil De Sinne Skine
13:51 - Omi - Cheerleader
14:07 - Amy Macdonald - This Is The Life
14:12 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry
14:26 - Kenny Rogers & Dolly Parton - Islands In The Stream
14:32 - Aretha Franklin & George Micha - I Knew You Were Waiting For Me
14:44 - Steely Dan - Reelin' In The Years
14:54 - 3Js - Je Vecht Nooit Alleen
15:04 - Linda Ronstadt - It's So Easy
15:09 - Nicky Jam (Ft. Enrique Iglesias) - El Perdon
15:17 - Something Happens - Parachute
15:21 - Rihanna (Ft. Kanye West & Paul Mccartney) - Four Five Seconds
15:25 - Michael Mcdonald - Sweet Freedom
15:33 - Gloria Estefan - Bad Boy
15:43 - Titiyo - Come Along
15:50 - James Blunt - You're Beautiful
15:54 - Scene - Blauw

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)