Geert yn de middei fan 26 maaie 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Foar Lolke Wijtsma sykje wy nei Fryske manlju dy't ein jierren '60 by it 103 en 104 Maresjesee Eskadron sitten ha. Dat is al hast fyftich jier lyn, dus heech tiid foar in reüny. Dêryn wol Lolke graach it foartou nimme. Hy siet sels by it 103 Eskadron. Lolke wit de nammen fan syn Fryske kollega's noch wol, mar is benijd wêr't de manlju no wenje. Dan kin er harren in útnoeging foar de reüny stjoere.

Joop Hoomans fan Poppenwier is drok dwaande mei de ferbou fan syn boat. It is in moai âld skipke, en Joop wol him sa autentyk mooglik hâlde. Dêrom siket er acht koperen bouten fan 8 mm dik en 40 mm lang, mei in bolle of platte kop. Sels Auke Rauwerda yn Ljouwert hat dizze bouten net, dus wa kin Joop helpe?

Martha Brouwer út Drachten siket it poesyalbum fan har dochter Tryntsje. It album is jierrenlyn by in learling hingjen bleaun op de basisskoalle De Wykel yn Drachten. Mar wa hat him noch? Dochter Tryntsje wol it graach werom ha.

En frou Van Dijk fan Feanwâlden siket in âlderwetske naairing. In saneamd 'vingerhoedje'. Frou Van Dijk mei graach sels nivelje, mar de naairing dy't se no hat is skjin oan ein. En se kin yn de winkel gjin nijen ien mear fine. Wa helpt har út de brân?

Ha jo ien fan boppesteande saken en wolle jo it wol kwyt? Lit it ús witte! Nim kontakt op fia de mail: geert@omropfryslan.nl of stjoer in sms'ke of appke nei 06 20 499 199. Belje kin ek mei 058 299 78 44.

13:08 - Jess Glynne - Hold My Hand
13:14 - Wiebe Kaspers - Dream Mar Leave (Proloog)
13:25 - Oasis - Wonderwall
13:28 - Gerbrich Van Dekken - Eilan
13:34 - Volumia - Blijf Bij Mij
13:44 - Status Quo - What You're Proposing
13:54 - Kenny B - Parijs
14:05 - Jack Johnson - Upside Down
14:11 - Causes - Teach Me How To Dance With You
14:25 - Fleetwood Mac - Go Your Own Way
14:29 - Sam Smith - Stay With Me
14:35 - Duran Duran - The Reflex
14:39 - Shary-An - Read My Book
14:47 - George Harrison - Got My Mind Set On You
14:51 - Gurbe Douwstra - Countryline
15:05 - Omi - Cheerleader
15:10 - Beatles - Free As A Bird
15:20 - Racoon - Guilty
15:24 - Tiesto Feat. Matthew Koma - Wasted
15:27 - Weima & Van Der Werf - Hjoed Is Fantastysk
15:32 - Wax - Bridge To Your Heart
15:36 - Blof - Wat Zou Je Doen?
15:41 - Femke Hoeksma & Sanne - Bring Her A Lullaby
15:48 - Pilot - Magic
15:53 - Katy Perry - Hot 'n Cold

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)