Geert yn de middei fan 25 augustus 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Ek Omrop Help giet wer los.
Geert van Tuinen siket fan 'e middei yn Omrop Help nei allerhanne saken dy't jo kwyt binne. Sa siket frou Veltman út Sumar in boekje oer de tún. It is in wyt boekje mei op de foarkant in ovaal plaatsje mei de titel "Van A tot Z in de groentetuin". Se wit net wa't de skriuwer is. Yn it boekje stiet per pagina beskreaun wat foar griente byinoar past en wat net.

Willemien Terpstra fan Rotsterhaule hat in berteleppel fan Jentje Johannes Ruurds, berne op 18 maaie 1794 yn Teakesyl. Hy is doopt op 6 july 1794 yn Sondel. Dizze leppel is al hiel lang yn de famylje fan Willemien mar heart der net thús. Hoe't de leppel yn de famylje kaam is, is net dúdelik. Willemien wol de leppel graach werom jaan oan de famylje.

De heit fan Feikje Huizenga-Raap fan Damwâld wie timmerman. Hy hat foar alle bern in nôtmûne op skaal makke. Dat wie tusken 1960 en 1970. Frou Huizenga siket no nei in boek wêr't yn stiet hoe't jo in tekening op skaal meitsje kinne fan in nôtmûne. De tekening dy't har heit brûkt hat is nammentlik net mear te finen en har heit is al ferstoarn.

En Klaske Tadema út Drachten siket in itensboard mei de foto fan har broer der op. Har broer is Mene Heitstra út Twizelerheide en hy wie yn dy tiid soldaat. It board is op de rommelmerk yn De Westereen ferkocht, mar se soe it graach werom ha wolle.

13:12 - Kenny B - Parijs
13:19 - Nico And Vinz (Ft. Kid Ink And Be) - That's How We Know
13:27 - Agnes Sambrink - Do Bist
13:32 - Cliff Richard - We Don't Talk Anymore
13:43 - American Authors - Best Day Of My Life
13:50 - Lytse Hille - As Ik Alles Eader Witten Hie
13:56 - Amazing Stroopwafels - Ik Ga Naar Frankrijk
14:04 - Amy Winehouse - Will You Still Love Me Tomorrow
14:10 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
14:21 - Creedence Clearwater Revival - Bad Moon Rising
14:27 - David (Ft Sam Martin) Guetta - Dangerous
14:34 - Tracey Ullman - Breakaway
14:37 - Four Lads - Standing On The Corner
14:48 - Roger Glover - Love Is All
14:54 - Bricquebec - Ien Kear
15:04 - Joe Frank Hamilton & Reynolds - Don't Pull Your Love
15:08 - Seinabo Sey - Younger (Kygo Remix)
15:12 - Carol Line - Single Of The Year
15:17 - Masters At Work - To Be In Love
15:27 - John Mayer - Shadow Days
15:35 - Pat Benatar - Love Is A Battlefield
15:46 - Henny Vrienten - Als Je Wint
15:54 - Feetwarmers - Tussen Fliet En Swarte Haan

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)