Geert yn de middei fan 24 septimber 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Miskien witte jo it noch. Ferline wike stie de Koer fan Fryslân by ús op de redaksje. Op ús oprop oan jo om immen te nominearen dy't de koer fertsjinnet, krigen wy in hiel soad reaksjes. Ut al dy mailtsjes, appkes, SMS'kes en telefoantsjes ha wy úteinlik keazen foar Elvera Jansen fan De Jouwer. Sy krige fan ús de Koer fan Fryslân. Mar wat die sy ek mar wer allegear? En oan wa jout se de koer troch?

Annebeth de Jong út Easterein komt nei de studio. Sy docht tegearre mei har man Hendrik mei oan Kofje by de boer no sneon. Ferskate boeren iepenje dizze dei harren doarren foar minsken dy't nijsgjirrich binne wat der no krekt allegear bart op in boerebedriuw. It is no sneon 'Burendag', mar dus ek 'Boerendag'.

Moarntejûn wurdt yn Champino it evenemint Get Down On It organisearre. Dit is in dûnsfeest foar minsken mei in ferstanlike beheining. Der binne al top-dj's en bekende Nederlanners regele, mar no falt de kaartferkeap noch wat tsjin. Dus wy belje efkes mei Diana Matser fan de organisaasje. Kaartsjes kinst krije op www.netffandersevents.nl. Belje kin ek nei 06 21 86 79 14.

En Lydia Annema komt nei de studio. Sy is fotografe en hat yn 2006 kanker hân. Gelokkich is sy hielendal genêzen, mar dizze sykte wie foar har wol oanlieding om de 'Leef!-dag' te organisearjen. Dat is in bysûndere dei foar bern mei kanker en harren famylje. Sy krije dan fergees in profesjonele fotoshoot, mei fisagy en alles der op en der oan! Sneon is it safier op camping De Burgumermar. Sjoch foar mear ynfo op www.leeffotodag.nl.

Annebeth de Jong docht mei oan Kofje by de boer

Elvera Jansen krige de Koer fan Fryslân

Komsto ek by Get Down On It?

Lydia Annema fertelt oer de Leef! Dag, no sneon

13:11 - Die Twa - Eachkontakt
13:17 - Anouk - Dominique
13:22 - Coldplay - A Sky Full Of Stars
13:28 - Robert Palmer - Best Of Both Worlds
13:34 - Nielson - Beauty & De Brains
13:37 - First Aid Kit - My Silver Lining
13:48 - Travis - Sing

14:06 - Chris Cab - Liar Liar
14:12 - Keane - Somewhere Only We Know
14:17 - Powerplay - Make It Alone
14:30 - E.L.O. - Mr. Blue Sky
14:39 - Marymary - Shackles
14:49 - Kygo - Stole The Show

15:05 - Braxtons - The Boss
15:12 - Phil Collins & Philip Bailey - Easy Lover
15:22 - Wind Earth & Fire - Fantasy
15:28 - Tom Jones - It's Not Unusual
15:37 - Crystal Fighters - Plage
15:41 - Pet Shop Boys & Dusty Springfield - What Have I Done To Deserve This
15:50 - Eagles - Seven Bridges Road Live

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)