Geert yn de middei fan 23 maart 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Geert yn de middei fleant hjoed wer de grinzen oer! Reedrider Douwe de Vries is de studiogast tusken 13.00 en 14.00 en lit ús syn muzikale foarkar hearre út de jierren '60, '70 en '80. Benijd op hokker hits hy it leafste traint? Harkje en sjoch dan mei fia Omrop Live!

Ek it fûgeltsje fan Anneke Douma fleant hjoed de grinzen oer. Hy is ûntsnapt en Anneke is al dagen mei man en macht op syk nei har fûgeltsje Binkie. Ha jo him sjoen? Lit it ús hearre, want Anneke docht gjin each ticht.

Wy belje hjoed mei Pietsie Feenstra yn Parys. Yn Parys meie tsientûzenen auto's hjoed net de stêd yn ride. Allinnich auto's mei in oneven kenteken komme Parys en de 22 omlizzende gemeenten yn. Dat is besletten om't de lucht yn de Frânske haadstêd op dit stuit hiel smoarch is. Hat Pietsie der ek lêst fan?

Model Milou Groenewoud hâldt ús wer op 'e hichte fan har wike. Hoe is it gong yn Parys de ôfrûne dagen? Hat se wer nije klussen binnenhelle?

En wy hawwe kontakt mei Marye Dykstra. Sy wennet sûnt begjin febrewaris wer yn Bolivia yn Súd-Amearika en wurket hjir as national directior by Performing Life. Dit is in organisaasje dy't bern op strjitte mei kreative middels stipet. De organisaasje Performing Life makket no kâns op goed 12,5 tûzen euro. En jo kinne helpe! Jou jo stim oan Performing Life op de webside fan Voor.nl.

Model Milou Groenewoud

Anneke Douma siket har fûgeltsje Binkie

Pietsie Feenstra yn Parys

Marye Dykstra yn Bolivia

13:08 - Alan Jackson - Summertime Blues
13:14 - Nije Kast - Reis Nei De Sinne
13:23 - Johnny Cash - Ring Of Fire
13:27 - Bronski Beat - Smalltown Boy
13:33 - Michael George Queen - Somebody To Love
13:42 - Bruce Springsteen - Born To Run
13:48 - Frank Boeijen Groep - Kronenburg Park
14:07 - Echosmith - Cool Kids
14:13 - Racoon - Took A Hit
14:22 - Sting - Love Is The Seventh Wave
14:26 - Sam Smith - Money On My Mind
14:32 - Dolly Dots - What A Night
14:41 - Maroon 5 Feat.Christina Aguilera - Moves Like Jagger
14:44 - Hein Jaap Hilarides - Wat 'n Nacht
14:53 - Taylor Swift - Style
15:05 - Kiki Dee - I've Got The Music In Me
15:12 - Lene Marlin - Sitting Down Here
15:22 - Wiebe Kaspers - Dream Mar Leave (Proloog)
15:24 - Snow Patrol - Chasing Cars
15:28 - Johannes Rypma - In Groet
15:33 - El Debarge - Who's Johnny
15:45 - Bert Heerink - It Is Net Wis
15:54 - Creedence Clearwater Revival - Who'll Stop The Rain

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)