Geert yn de middei fan 23 juny 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

Femke de Walle giet hjoed wer foar jo op syk nei allerhanne saken by Omrop Help. Sa siket frou Bakker út Kollum it stripboekje Bulltje en de Bonestaak. Se hat it boekje ea útliend mar dêrnei net werom krigen.

Jan Wijnsma fan It Hearrenfean siket de medalje fan de Fytsalvestêdetocht fan 1973. Jan sammelet alles oer de alvestêdetocht en hat de fytstocht al 42 kear fytst. Yn 1973 die er dat foar de tredde kear en krige doe in sulveren krúske, mar gjin medalje. Dizze ûntbrekt dus noch yn syn kolleksje.

Lammert Mink út Sint Jânsgea hat in museum fol mei allerhanne Fryske muzyk. Hy siket benammen akkordeonstikken fan Fryske ferskes. Eartiids kamen der fan nije ferskes ek fuort arrangeminten foar op de akkordeon. Mar no bart dat net mear.

Rimkje Kleefstra fan Oranjewâld siket in trijepoat foar har meunsteramer. Sy hat in meunsteramer foar it meunsternimmen fan de molke by de boeren fan eartiids. Se soe dizze amer graach ophingje.

Wy belje efkes mei Hinke van der Weide. Hinke is húsarts yn oplieding en wurket by it Húsartsensintrum Dokkum. Sy sil dit jier mei Jannie Wijma en Antje Hofman, ek húsartsen yn oplieding, meidwaan oan de Kenya Classic. Hinke hat al earder meidien oan dizze fytstocht en wie djip ûnder de yndruk fan wat se doe seach. Om mei te dwaan moat se 5000 euro elk sammelje. Wolsto de froulju stypje? Sjoch dan op www.kenyaclassic.com/holadiehaio en donear ek in bydrage.

Hinke, Jannie en Antje fytse de Kenya Classic

13:08 - Janet Jackson - Whoops Now
13:14 - Inutero - Simmer
13:20 - Nick & Simon - De Horizon
13:29 - Die Twa - Sinnewaarmte
13:35 - Lenny Kravitz - I Belong To You
14:04 - B.O.B Feat Rivers Cuomo - Magic
14:11 - Carly Rae Jepsen - I Really Like You
14:24 - Celine Dion - My Heart Will Go On
14:29 - One Direction - Story Of My Life
14:36 - Bryan Ferry - Don't Stop The Dance
14:44 - Roel Vanvelzen - Cross Your Heart
14:47 - Kenny B - Parijs
15:04 - Jennifer Lopez - Waiting For Tonight
15:10 - Wiebe Kaspers - Aldegea
15:17 - Ariana Grande - One Last Time
15:23 - Weima & Van Der Werf - Hjoed Is Fantastysk
15:26 - Status Quo - In The Army Now
15:33 - James Blunt - 1973
15:43 - Eddy Dykstra - Efkes Werom
15:53 - Power Station - Some Like It Hot

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)