Geert yn de middei fan 22 oktober 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

It is tongersdei, de dei fan de Koer fan Fryslân. De koer wie by Bouwe Bottinga út Drachten. Hy joech him troch oan Olga Overeen, út Drachten. Olga is in mantelsoarger, dy't soarget foar in kollega fan Bouwe Bottinga. Bouwe is ôfgryslik wiis mei har, om't sy klear stiet foar syn sike kollega, dy't sûnt maart dit jier slim siik is. Sokke mantelsoargers binne mei in ljochtsje te sykjen.

We belje efkes mei Johan Kloosterman, eigener fan OptiFit yn Frjentsjer. Hy hat as personal trainer meidien oan it tv-programma De grote herkansing. Yn dit programma geane dielnimmers de útdaging oan om gewicht kwyt te reitsjen en sa wer in sûn lichem en in sûne relaasje te krijen. De útstjoering dêr't Johan yn sit, is nije wike woansdei  28 oktober te sjen op SBS6. Mar de opnamen ha fansels al lang west. Mar leafst fiif moanne lang trainde Johan ien fan de dielnimmers om op in sûn gewicht te kommen. Hoe gong dat?

En wy krije in leuke gast yn studio 4. Meindert Mak komt lâns mei syn gitaar en sil fertelle oer lessen dy't er jout oan fisueel beheinden. Hy treedt sels ek op mei in groep, ek yn it bûtenlân. Benijd nei Meindert syn lessen? Sjoch dan op syn webside.

Fansels ek fan 'e middei wer oandacht foar de Fryske Top 100 wike mei de Wit de Hit-kwis, de plaat fan in listlûker en de slotplaat. Dit kear kinne jo kieze út de folgjende 'reinige' nûmers: A. As ut regent fan Doede Bleeker, B. Grutte triennen fan Trienke & Sido of C. Ier yn ’e moarn fan Rein Gerlofs. Wat wolle jo hearre krekt foar fjouwer oere? Sms of app nei 06-20 499 199, of mail nei geert@omropfryslan.nl.

En...... ek dizze middei kieze we in stimmer op de Fryske Top 100, dy't in Fryske Tóp cd wint!

Johan Kloosterman oer De Grote Herkansing

Olga Overeen kirge de Koer fan Fryslân

Gitaarlearaar Meindert Mak

13:11 - George Harrison - Got My Mind Set On You
13:17 - Joni Mitchell - Big Yellow Taxi
13:22 - Faydee Shaggy (Ft. Mohombi & Costi) - I Need Your Love
13:26 - Twarres - De Juste Snaar
13:33 - Santana (Ft. Rob Thomas) - Smooth
13:38 - Jason Carlson - Another Life (Diggy Diggy)
13:46 - Poema's - Zij Maakt Het Verschil
13:50 - Bastille - Pompeii

14:05 - Four Tops - Reach Out I'll Be There
14:10 - Cure - Close To Me
14:24 - Iris Kroes - Thus
14:27 - Sam Hunt - Take Your Time
14:34 - Alain Clark - Foxy Lady
14:45 - Ub 40 - Breakfast In Bed
14:49 - Theun Plantinga - Sunder Dy

15:06 - Bryan Adams - Can't Stop This Thing We Started
15:11 - Blondie - Island Of Lost Souls
15:24 - Racoon - Shoes Of Lightning
15:28 - Gurbe Douwstra & De Sadelrukers - Thus
15:35 - Wild Cherry - Play That Funky Music
15:42 - Die Twa - Eachkontakt
15:45 - Fine Young Cannibales - She Drives Me Crazy
15:52 - Doede Bleeker - As Ut Regent (Binnenfetter)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)